• Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

  • By: Terpstra & Hut
  • Podcast

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard  By  cover art

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

By: Terpstra & Hut
  • Summary

  • Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer. Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie. Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se oer de kultuer dy 't se dy wike meikrigen hawwe en om de belibbing te fersterkjen komt der in gast koart fertellen oer syn optreden / boek / gedicht of film. Sa meitsje se de ranekultuer, lykas de metalscene, yn Fryslan mear sichtber en tagonkliker. De podcast is easy-listening, as sitst mei dyn kulturele freonen yn de kroech en falt der in soad te laitsjen, omdat Gabrielle en Arjan ek fertelle oer har eigen libben, har swierrichheden en harren flaters. De podcast hat in skoft op skoft stien mar is fan no of wer om de wike te beharkjen fia Spotify en Apple podcasts
    Copyright 2023 Terpstra & Hut
    Show more Show less
Episodes
  • Fean, Hoop & Mankelikens
    Jun 8 2024

    Gabrielle makket har soargen oft se har fakânsje wol oerlibje sil en Arjan's eilândream komt út.

    Yn dizze ôflevering steane wy stil by hoefolle der dizze wiken bard is lykas it ferstjerren fan Hindirk Hannema en by syn libben, mar ek by de ferskate optredens dy't wy hân hawwe.

    Wy lêze ús kollums foar, prate oer de skriuwersarke, coole nije filmklassikers en oer God dy't út Jorwert ferdwûn.

    Arjan fertelt oer it ferbliuw fan writer-in-residence Rasha Khayat út Dútslân yn Ljouwert en Gabrielle oer de schrijfclub. Wy lêze noch in koart ferhaal fan Nicole van den Berg en beprate har wurk, dêr't wy fan binne.

    Ek steane we stil by de nijste hits fan Fryske artysten, der is wer hiel wat sicks útkaam! En alles watst witte wolst oer it bestellen fan oesterswammen mei koarting!

    Fierder: Mankelykens, Slachrjemme mei pyk, Poadium Explore, Goeie.frl, kanoën wylst Bûtenpost oerstreamt, Rink van der Velde priis en Typmasines

    Show more Show less
    1 hr and 4 mins
  • Gitaren & Letterfretters
    May 9 2024

    Wy wiene op it befrijingsfestival dêr't Arjan nei hûs gie doe't Gabrielle kaam, Gabrielle fûn Stoflik Omskot geweldich en we freegje ús ôf wêr't de helikopter eins lânet.

    We ha it oer de muzykscene fan de ôfrûne tiid mei oa Esther de Jong, Willy Darktrousers, Drôvich, Kaspar en Electropop mei Sietse van Essen. We ha it oer films yn Slieker, dêr't Arjan ek in ynlieding jaan mocht by The Wasteland

    en we ha literêre roddels en nijtsjes. Komt der in Letterfretterrel? Watfoar nijs hawwe wy oer de stedsdichter fan Ljouwert?

    Show more Show less
    1 hr and 2 mins
  • Blowen en Leauwen
    Apr 24 2024

    Gabrielle wie op poëzietour en Arjan belibbe gaos op 'e nacht fan 'e filosofy. Boppedat wie it op dy dei, 20 april, de dei fan de blower en Record Store Day, falt dat te kombinearjen?

    Arjan seach Esther de Jong optreden yn KingKong en Gabrielle seach Wiebe Kaspers yn de Mollema Music world. Gabrielle fynt it te saai om oer lettertreffen te praten, mar Arjan net, dy spruts dêr mei Nicole van der Berg, dêr't Gabrielle al earder mei op paad wie.

    Fierder: Sokken as sjuerylid, Lil Pier, Fryske Slam nijs, Drachten, Fenix Festival, Woke, Urgent, Intens, Spoken Word, it leauwen, Kopwolven, Liet fan Mysels en Jellum.

    Arjan lêst foar út eigen wurk, Gabrielle út it wurk fan Bokke Buwalda. En as lêste noch in gedicht fan Corrie Joosten

    Show more Show less
    1 hr and 1 min

What listeners say about Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

Average customer ratings

Reviews - Please select the tabs below to change the source of reviews.